Goed begjin foar Accell

25 apr 2013 - 09:47
  • Accell Group

Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean hat de earste trije moanne fan 2013 better draaid as yn deselde perioade ferline jier. Dat komt trochdat der mear fytsen en fytsûnderdielen ferkocht waarden, mar ek trochdat Accell it bedriuw Raleigh oernaam hat, mei festigings yn Ingelân, Amearika en Kanada. Accell ferwachtet dat de groei dit jier fierder trochsette sil.

Koartlyn waard bekend makke dat der by de festigings fan de dochterbedriuwen Batavus op It Hearrenfean en Sparta yn Apeldoorn reorganisearre wurdt. Dat kostet goed 60 banen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)