Goed begjin EK-kwalifikaasje fan froulju ûnder de 19

16 sep 2015 - 08:07

Sisca Folkertsma fan Sleat en Lysanne van der Wal fan De Jouwer binne goed begûn oan de EK-kwalifikaasje mei it Nederlânsk frouljusfuotbalteam ûnder de 19 jier. Tiisdei wûn Oranje ûnder 19 mei 9-0 fan Syprus. Folkertsma, dy't SC Hearrenfean dizze simmer ferruile foar PSV, makke twa goals tsjin Syprus. Nei goed in oere waard se wiksele.

Van der Wal bleau de hiele wedstriid op 'e bank. Tongersdei spilet Nederlân ûnder 19 tsjin Moldavië en snein is op Sportpark Skoatterwâld op It Hearrenfean Italië de tsjinstanner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)