Goed 90 kij romme yn Eksmoarre

13 nov 2010 - 15:11

Alle kij fan it bedriuw yn Eksmoarre dêr't ein augustus runder-TBC fûn waard, binne tongersdei romme. Dat is dien omdat de sykte opnij by it bedriuw fûn is. De wet ferplichtet dat besmette bedriuwen nei 60 dagen wer ûndersocht wurde moatte. Ut dy test die bliken dat opnij in diel fan de kij besmet wie.

Yn oerlis mei de eigner is besletten alle goed 90 bisten ôf te meitsjen. Yn augustus waard in part fan de kij romme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)