Goed 70.000 euro by sutelaksje

15 sep 2003 - 00:00

De sutelders fan It Fryske Boek ha nei twa wiken boekeferkeap in bruto omset fan goed 70.000 euro helle. De ôfrûne wike waard de earste mylpeal fan 50.000 euro helle. Dat barde yn Winsum, De Triemen, Droegeham en Surhuzum. It aksjeboek foar bern dit jier is fan Lida Dykstra. Se makke in bewurking fan it gedicht Mûzebooste fan Gysbert Japiks.

De sutelaksje duorret noch oant en mei sneon 20 septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)