Goed 400 himpplanten út wenhûs yn Warkum helle

28 maaie 2015 - 12:17
  • Himp

De plysje hat woansdei yn Warkum in himpkwekerij mei goed fjouwerhûndert planten ûntromme. De planten stiene op de earste ferdjipping fan in wente oan de Jouw Keuningstrjitte. Ien ferdjipping heger wie in droechromte. Yn de garaazje troffen de plysjes in kweekromte-yn-oanbou oan.

De planten en de kweekapparatuer binne yn beslach naam. Yn de tún trof de plysje in 29-jierrige man út Almere oan. Hy is meinaam nei it plysjeburo. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)