Goed 32% minder skuldsanearrings yn Fryslân

30 maaie 2015 - 14:48
  • Jild

It tal skuldsanearrings yn Fryslân is yn in jier tiid mei 32 prosint weromrûn. Dat meldt Bureau Benedictus yn Garyp, sy binne spesjalisearre yn skuldsanearring. Hjirmei is it tal sanearrings wer op it nivo fan 2012, mar dat is noch altyd it dûbele fan foar de krisis. De delgong is foaral te fernimmen by de bedriuwen en dan benammen yn de bou en de hoareka. Yn de detailhannel en de saaklike tsjinstferliening giet it noch altyd min.

Bureau Benedictus sjocht by partikulieren wol in groei yn it oantal skuldsanearrings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)