Goals fan Flyers-spiler Wurm helpe Nederlân oan promoasje

15 apr 2016 - 19:29
  • IIshockey

It Nederlânske iishockeyteam is freedtemiddei promovearre nei de mondiale 1B-difyzje. Oranje die dat troch it WK yn de twadde difyzje te winnen. Nederlân stelde de promoasje feilich mei in oerwinning op België: 6-2. Ronald Wurm fan de UNIS Flyers skoarde twa kear.

Earder op it WK wûn Nederlân al fan Servië, Spanje, Yslân en Sina. Oranje degradearre ferline jier op it WK yn eigen lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)