Go Ahead Eagles - Cambuur: 3-0

14 feb 2004 - 00:00

Cambuur hat freedtejûn mei 3-0 ferlern fan Go Ahead Eagles. Cambuur spile swak. De Ljouwerters wiene net by steat in goede oanfal te kreëarjen. Jan Bruin krige dêrfoar te min stipe fan de oare spilers.

Cambuur-trener brocht nei rêst, werby't it 1-0 stie, oanfaller Ibad Muhamadu yn de ploech foar ferdigener Ties Heldens. Ek Ruben Schaken en Henry Bakker waarden noch yn de wedstriid brocht, mar it mocht net mear helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)