Gloar yn 'e dunen fan Skier?

26 sep 2000 - 16:35

In tal bewenners fan Skiermûntseach is net gerêst oer de lekkerij fan swimbad De Dûnatter. Se easkje yn in brief oan B en W in ûndersyk nei fersmoarging.

Neffens de briefskriuwers hat de wetterlieding al yn 1986 oan 'e belle lutsen fanwege de 'skokkende situaasje'. Sûnt dy tiid is der neat oan dien. Sadwaande tinke de bewenners dat al mear as 7000 liter gloar yn 'e dunen fuortlekt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)