Glêzen hûs yn Snits

22 des 2012 - 16:27

Yn Snits stiet twa dagen en nachten lang in glêzen hûs op de Wide Noarderhorne. It is in eksakte kopy fan it glêzen hûs yn Enschede, mar dan wat lytser. It inisjatyf komt fan in freoneklup út Snits dy't aksje fiert foar Serious Request. Twa discjockeys bringe 48 oeren sûnder iten troch yn it glêzen hûs. Se draaie muzyk, ûntfange gasten en fiere aksje foar in sa grut mooglike opbringst foar it goeie doel: it werombringen fan poppestjerte yn earme lannen. It glêzen hûs yn Snits is ek live te folgjen op www.omroplive.nl

Sneon 22 desimber om 20:00 oere geane de 2 DJs it hûs yn. Wat yn it hûs bart, is live te folgjen op www.omroplive.nl (oant de ein fan de aksje) en sil nachts ek te sjen wêze op Omrop Fryslân Televyzje, sneon 22 desimber fan 0:00 oere nachts oant snein 23 desimber moarns 09:00 oere en dan snein 23 desimber wer om 0:00 oere nachts oant 09:00 oere moarns op de 24e. Moandei 24 desimber geane de DJs om 20:00 oere it miny glêzen hûs út. Omroplive stjoert dan noch oant 21:00 oere út. De opbringst fan de aksje wurdt bekendmakke yn it echte Glazen Huis yn Enschede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)