Glêzen Hûs helpt 40.000 bern

04 nov 2014 - 06:36
  • De trije DJ's op it poadium fan it Aldehoustertsjerkhôf

Mei it jild dat ferline jier ynsammele is yn Ljouwert by Serious Request, binne dit jier 40.000 bern holpen yn de striid tsjin diarree. Dat hat it Reade Krús bekend makke. De dj's Giel Beelen, Coen Swijnenberg en Paul Rabbering sieten ein ferline jier seis dagen opsletten yn it Glêzen Hûs op it Saailân yn Ljouwert. Der waard in rekôrbedrach fan goed 12 miljoen euro ophelle.

It goede doel wie de striid tsjin diarree. Neffens it Reade Krús is diarree in stille ramp.

De bedoeling is dat mei it ynsammele jild yn 2016 goed 128.000 bern ûnder de fiif jier en in heal miljoen folwoeksenen holpen binne yn de striid tsjin diarree.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)