Glêstúnboubedriuw fallyt

10 jun 2009 - 11:19

It glêstûnboubedriuw fan de firma Schiphof oan de Gernierswei by Berltsum is fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje fiif minsken yn fêste tsjinst en in tal losse meiwurkers.

Neffens kurator Pier van der Sluis is it bedriuw yn de swierrichheden rekke troch de hege gasprizen yn kombinaasje mei de lege opbringsten foar de paprika's en komkommers. It glêstúnbedriuw fan de firma Schiphof wie ien fan de âldste bedriuwen fan Berltsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)