Glêstúnbou wreidet út

03 mrt 2009 - 11:43

Yn Frjentsjerteradiel wurdt nije wike út ein set mei de útwreiding fan de glêstúnbou. Op 11 maart wurdt begûn mei it bouryp meitsjen fan de grûn. Under de namme Waddenglas wurdt der in nij glêstúnbougebiet ûntwikkele fan sa'n twahûndert kante meter.

It nije kompleks slút oan by it besteande glêstúnbougebiet en leit súdlik fan Seisbierrum. It moat 750 oant 1100 nije arbeidsplakken opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)