Glêstúnbou kin jild besparje

30 jun 2011 - 22:43

Troch op in tûkere wize mei enerzjy om te springen kin de Fryske glêstúnbou tsientûzenen euro's besparje. Dat docht bliken út de earste resultaten fan it projekt Het Nieuwe Telen. Tomatekweker Van der Kaay út Berltsum is it earste Fryske bedriuw dat meidraait yn dit projekt.

Hy hat ferline jier hast hûndertûzen euro besparre. Dat is dien troch waarm ôffalwetter yn de grûn op te slaan en dat letter wer op te pompen om de kas te ferwaarmjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)