Glêsplaten waaie fan Talantgebou

26 okt 2004 - 09:58

Troch de hurde wyn binne der twa glêsplaten ôfwaaid fan soarchynstelling Talant op It Hearrenfean. De platen hongen op de foarkant fan de earste en fjirde ferdjipping fan it gebou. Sy rekken los, klapten tsjin de muorre en foelen nei ûnderen. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

Talant en de bouwer fan it twa jier âlde gebou stelle in ûndersyk yn. Twa wike lyn binne de glêsplaten noch skjinmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)