Glêsplaten Nij Saailân stikken

23 sep 2013 - 15:38
  • De stikkene glêsplaten waarden moandei ferwidere
  • De glêsplaten moatte ferfongen wurde
  • Op it plak fan de glêsplaten gappet no in grut gat

In frachtwein hat moandeitemoarn in tal glêsplaten fernield dy't oan winkelsintrum Nij Saailân hingje. De sjauffeur fan de frachtwein is der fantroch gien sûnder wat te melden, mar is yntusken opspoard mei help fan bylden fan in bewakingskamera. In himmelbedriuw hat de glêssplinters opromme. De saak wurdt fierder ôfhannele troch de fersekering fan de frachtrider.

De stikkene glêsplaten binne moandeitemiddei ferwidere. Dy moatte ferfongen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)