Glêsplaat falt stikken op de N31 by Harns

09 nov 2015 - 14:08

In frachtwein is moandeitemiddei op de N31 tusken Kimswert en Harns in grutte glêsplaat ferlern. De hurde wyn blaasde de plaat fan de frachtwein. De plaat foel yn stikjes útinoar op de dyk.

It ferkear hat der koarte tiid lêst fan hân. Rykswettersteat hat de diggels yntusken oprêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)