Glêsoerkaping letter fernijd

11 sep 2011 - 15:36

De glêzen oerkaping fan de Broeretsjerke yn Boalsert wurdt pas oer in heal jier ferfongen. Dan giet de tsjerke in pear wike ticht foar it publyk. It wurk soe dizze wike út ein sette, mar dat slagget net. De oannimmer hat te min wurknimmers yn dy't dat wurk dwaan kinne.

It glês dekt de tsjerke ôf nei't it dak by in brân ferlern gien is. Mar der sitte skuorren yn it glês. It skynt dat it om in fabrikaazjeflater giet yn it glêsfabryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)