Glêskeunstwurk yn tsjerke

13 sep 2014 - 14:51
  • De Vincentiustsjerke yn Reduzum, hjir op argyffoto

Yn de Vincentiustsjerke yn Reduzum wurdt sneon in nij glêskeunstwurk ûntbleate. It keunstwurk is betocht troch doarpshistoarika Carina van de Weg. Sy docht ek de ûntbleating.

It keunstwurk is makke troch keunstneresse Monique Verbruggen, yn opdracht fan de Herfoarme gemeente fan Reduzum en Idaerd. Verbruggen helle har ynspiraasje út in tsjinst fan dûmny Gerard Knol. Dy hâlde in oertinking oer de betsjutting fan minsken dy't hillich ferklearre waarden.

Ferline jier hawwe de tsjerkrintmasters ûndersocht oft der beswieren wiene tsjin it pleatsen fan in modern glêskeunstwurk, yn de monumintale tsjerke. Dy wiene der net. Dênei hat de tsjerkeried de opdracht jûn om it keunstwurk te meitsjen. It keunstwurk komt yn in nis fan ien fan de finsters fan de tsjerke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)