Glêsfezel ferbynt Snits/Wymbrits

06 jul 2004 - 11:29

De gemeenten Snits en Wymbritseradiel hawwe foar 60.000 euro in supersnelle glêsfezelferbining oanlein tusken de beide gemeentehuzen. De flugge kabel waard moandei offisjeel yn gebrûk nommen troch de wethâlders Bardboer en De Boer. De kabel is allinnich foar de gemeenten sels, net foar de boargers.

De gemeentes kinne no tenei sûnder ekstra kosten gebrûk meitsje fan inoars netwurk. Ek kinne grutte dokuminten probleemleas oerstjoerd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)