Glêsblazer Deen wurket foar NASA

15 jul 2004 - 15:35

Glêsblazer en glêsynstrumintemakker Deen fan Sleat sil oan de slach foar de NASA en har nije rûmtemissy. Deen is ien fan de ferneamste glêsblazers fan de wrâld. De NASA hat foar syn ynstruminten en pakken heechweardige glêsprodukten nedich.

Deen makket ringen fan kwarts foar yn de mûlestikken yn de helm fan de astronauten. Ek makket er ûnderdielen foar it rûmtelaboratorium.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)