Glemmer festival goed besocht

26 aug 2013 - 11:38
  • In eardere edysje fan Glemmerbeach

It Glemmer-festival hat mei 22.500 besikers folle mear minsken lutsen as ferwachte. Fan tongersdei 22 augustus oant en mei snein 25 augustus wiene der optredens op fjouwer poadia op it Lemster strân fan ûnder oaren Racoon en Kane. Foar it earst wie der op sneontemiddei in bernefestival mei optredens fan Tim Douwsma en Monique Smit.

Foar it âldere publyk wie der Lemster Proms op sneintemiddei mei it Lemster manljuskoar en Anneke Douma. Ferline jier luts Glemmer 12.000 minsken.

Neffens de organisaasje soargen it moaie waar en de ferbreding fan de programmearring foar de taname fan it oantal besikers. It festival hoecht net fierder te groeien. Wol wurdt fernijing socht yn it oanbod fan aktiviteiten op it festival. Sa koe der dit jier surfd wurde en stiene der hottubs op it terrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)