'Glêdens kaam ûnferwachts'

14 des 2012 - 10:12

De glêdens fan freedtemoarn op de A32 is dykbehearder Rykswettersteat folslein oer it mad kaam. Der wie gjin rein foarsein. Om sawat in oere of seis ûntstie yn it súdwesten fan 'e provinsje samar in bui dy't oer de sneldyk luts. Om't de temperatuer fan it asfalt ûnder nul lei, kaam der fuortendaliks in laach iis op 'e wei.

Rykswettersteat is daliks úteinset mei struien, mar koe de diken net mear op 'e tiid skjin krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)