Glêdens en fertragings

21 jan 2013 - 17:07
  • De diken kinne noch glêd wêze

It ferkear moat noch hieltyd rekken hâlde mei hjir en dêr wat glêde plakken op 'e dyk, mar oer it algemien lykje de diken in stik better as moandeitemoarn.

Treinreizgers tusken Ljouwert en Grins moatte noch wol hieltyd rekken hâlde mei fertraging. Troch in wikselsteuring is der al de hele dei mar beheind treinferkear mooglik tusken beide stêden. Op it stuit ride der wer twa stoptreinen yn 'e oere. De sneltrein rydt noch hieltyd net. Arriva besiket de problemen sa gau mooglik op te lossen, en ek de rappe trein wer ride te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)