Glêde diken skjinmakke

25 okt 2005 - 14:15

Rykswettersteat en de gemeente Ljouwert en Frjentsjer hawwe tiisdei de diken tusken it yndustryterrein oan de Leeuwarderweg yn Ljouwert en Frjentsjer skjinmakke. In auto hie dêr in fettige stof ferlern. It is net dúdlik wat it krekt foar guod is.

It guod lei ûnder oaren op de rotonde yn de Newtonwei by Ljouwert, op de dyk nei Boksum en Deinum, op de gemeentlike dyk Dronryp-Frjentsjer en op de provinsjale dyk nei Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)