Glêd: sneldyk ôfsletten

08 des 2010 - 19:45

Ferkear kin woansdeitejûn net oer de N31 tusken Ljouwert en Marsum. De plysje hat de dyk yn beide rjochtings ôfset omdat it te glêd is om op te riden. Dat komt omdat der izel fallen is. Ferkear moat omride fia Deinum en Goutum. De plysje warskôget dat ek it ferfolch fan de N31, tusken Marsum en de Ofslútdyk, glêd wêze kin.

De plysje warskôget dat it ek op oare diken yn Fryslân glêd wêze kin. Automobilisten wurdt dan ek advisearre rêstich oan te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)