Glêd mar gjin ûngelokken, meldt plysje

07 jan 2016 - 07:44
  • Gjin ûngelokken, meldt de plysje

Sûnt justerjûn njoggen oere hawwe yn Fryslân gjin ûngelokken west. Dat meldt de plysje. Dy sprekt fan in útsûnderlike situaasje mei de glêdens fan no. Neffens de plysje hâlde minsken harren oan de oprop om net de dyk op te gean.

Trochdat der folle minder ferkear is, binne der ek minder ûngelokken, seit de plysje. Dy hâldt de situaasje goed yn de gaten, ek omdat der tongersdeitemiddei wer in gebiet mei izel oer de provinsje komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)