Glasblazers miskien dochs noch by WK ôfstannen

12 feb 2015 - 16:22
  • De Glasblazers yn aksje op Thialf

Dweilorkest De Glasblazers kin miskien dochs spylje op sneontejûn by it WK ôfstannen yn Thialf. Al jierren blaze de toeteraars fan It Hearrenfean by de grutte reedrydtoernoaien, mar sûnder opjefte fan reden hoegden se dit jier net te kommen. Dit beslút fan it organisaasjekomitee soarge foar in soad opskuor op sosjale media.

It organisaasjekomitee fan Thialf hat tongersdei de hiele dei oerlein en lit jûn witte oft se weromkomme op harren beslút.

It ôfrûne wykein blaasden De Glasblazers noch yn Thialf by de wrâldbekerwedstriden sprint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)