Glas tsiende yn fjouwermansbob

20 des 2004 - 09:21

Arend Glas, oarspronklik fan De Jouwer, is snein mei syn fjouwermansbob yn Cortina D'Ampezzo as tsiende einige yn de fjirde wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Dat is oant no ta it bêste resultaat foar Glas mei de fjouwermansslide.

De wedstriid op de Italiaanske baan waard wûn troch it team fan de Zwitser Martin Annen. Yn de striid om de wrâldbeker leit de Rus Aleksandr Zoebkov oan kop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)