Glas pleatst him mei twamansbob

18 des 2005 - 12:31

Arend Glas fan De Jouwer hat him by de wrâldbekerwedstriden yn it Italiaanske Cortina d'Ampezzo ek mei de twamansbob pleatst foar de Olympyske Spullen. Glas sette mei bakkenist Sybren Jansma de trettjinde tiid op it skoareboerd. Mei dizze klassearring befestige hy foarmbehâld.

Mei syn fjouwermansbob hie Glas him al earder kwalifisearre foar de Olympyske Spullen yn Turijn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)