Glas 19e yn twamansbob

12 des 2004 - 13:25

Arend Glas, oarspronklik fan De Jouwer, is sneon by de Wrâldbekerwedstriden yn Oberhof yn de twamansbob einige yn de achterhoede. Hy waard mei remmer Sybren Jansma 19e. Ferline wike by de Europeeske titelstriid ferovere Glas al in nominaasje foar de Olympyske Spelen fan Turijn yn 2006.

De Switser Martin Annen wûn de wedstriid, foar de Kanadees Pierre Lueders en de Rus Alexander Zoebkov. De bruorren Calker diene net mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)