GL wol mear Frysk fan amtners

10 mrt 2003 - 00:00

Op it Provinsjehûs wurdt hieltyd minder Frysk praat en dêrom moat der in kultueromslach komme. Dat konkludearret Grienlinks nei ûndersyk ûnder provinsjale amtners dy't 4000 euro of mear yn 'e moanne fertsjinje.

De partij wol dat it Frysk de fiertaal wurdt ûnder de meast ynfloedrike amtners. Der moat ek in konsekwint belied komme by it oannimmen fan heger personeel. Dat moat Frysk prate kinne of dat op ridlike termyn leare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)