GL: 'Set Sintra As stil'

29 jan 2010 - 17:06

Neffens de provinsjale fraksje fan GrienLinks moat de provinsje de prosedueres foar ûnder oare de Sintrale As stilsette. De partij docht dy útspraken nei oanlieding fan it rapport 'Krimp en Groei yn Fryslân' dat ôfrûne wike presintearre waard.

Ut it rapport docht bliken dat Fryslân yn de kommende jierren rekken hâlde moat mei in krimpende befolking. Benammen de wurkjende befolking en dus it spitsferkear soe ôfnimme yn de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)