GL: net mear gas en sâlt winne

16 jan 2009 - 14:41

De fraksje fan Grien Links yn Provinsjale Steaten fynt dat in punt set wurde moat achter de winning fan sâlt en gas yn sawol Noardeast Fryslân as ûnder it Waad. De partij skriuwt dat oan deputearre steaten.

Neffens Grien Links is de metoade fan "hân oan de kraan" by gas- en sâltwinning net ferantwurde. De partij wiist dêrby op de ferwachte seespegelstiging, dy't neffens de kommisje-Veerman oprinne kin oant 1 meter 30.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)