GL: net klear foar OVchipkaart

03 nov 2010 - 10:00

De OV-chipkaart kin yn desimber net folslein ynfierd wurde yn Fryslân. Der binne te min oplaadpunten en de bussen binne noch net klear op it brûken fan de chipkaart.

Dat fynt de Steatefraksje fan Grien Links. Sy ha ûndersyk dien mei in eigen klachtewebside oer hoe't de chipkaart funksjonearret yn Fryslân. It is neffens har te betiid om de strippekaart ôf te skaffen at de problemen noch net oplost binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)