GL: amendemint oer SW-hoeke

07 apr 2010 - 14:08
  • Earder kaam in keamerkommisje nei de Súdwesthoeke

Nijefurd en Wûnseradiel moatte net meinaam wurde yn de fúzje fan de Súdwesthoekegemeenten. Dat fynt Grien Links yn de Twadde Keamer. De partij hat in amendemint yntsjinne. De Keamer praat woansdei oer de weryndieling en nimt tongersdei in beslút.

De partij fynt dat de gemeente te grut wurdt. Nijefurd soe der net by moatte om't der in soad ferset is tsjin de weryndieling. Wûnseradiel soe der ek net by moatte om't de minsken mear rjochte binne op de stêd Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)