Glêzen dak tsjerke ferfongen

15 mrt 2012 - 15:57

By de Broeretsjerke yn Boalsert wurdt hurd wurke om de glêzen oerkaping te ferfangen. De platen dy't der yn 2006 op set binne, binne stikken gien. It giet om 24 glêsplaten fan elk mear as hûndert kilo. De firma Ocatube út Delft ferfangt se as garânsjeklus. Al gau nei it pleatsen ûntstie der spanning yn de bûgde platen en kamen der skuorren yn.

It stikkene glês hat nea foar gefaar soarge. Opdrachtjouwer De Stichting ta Behâld fan Monuminten is bliid dat de tsjerke no wer kompleet is. It is in toeristyske lûker foar Boalsert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)