Glêsiel útset yn Frysk wetter

02 apr 2012 - 16:10

Yn it Fryske binnenwetter is moandei 300 kilo oan glêsiel útset. It giet ûnder oare om de Sleattemermar, De Ie by Dokkum en it wetter by Reduzum. Dat moat de ielstân yn Fryslân wer op peil bringe.

Glesiel is djoer en kostet 400 euro de kilo. It Europeesk fiskerijfûns EVF hat de fisk betelle. Yn maaie sille de fiskers ek nochris poatiel útsette. Dy ieltsjes binne mei 3 gram wat grutter as de glesieltsjes. It is de twadde kear dat de Fryske binnenfiskers de kâns krije om glesiel út te setten mei Europeesk jild.

Neffens ielfisker Freark Visserman fan Heech duorret it wol in jier as trije ear't de glesieltsjes folgroeid binne en fongen wurde kinne. Visserman hat moandei mei syn heit en mei foarsitter Visser fan it Frysk Bûn fan binnenfiskers 85 kilo glêsiel útset yn 'e Sleattemermar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)