Glêd: bestelbus op sydkant

10 des 2011 - 14:53

    In 38-jierrige Dokkumer is freedtejûn op de N33 by Gieten troch de glêdens mei de bestelauto op 'e sydkant rekke. De man rekke by it ferkearsplein yn in slip. In 42-jierrige automobilist út Gieten dy't de Dokkumer helpe woe, rekke sels yn de slip en botste tsjin in betonnen peal.

    In frachtweinsjauffeur út Stedskanaal dy't op syn beurt helpe woe, rekke ek yn in slip en botste tsjin in ferkearsboerd. De beide auto's moasten fuortsleept wurde, de frachtweinsjauffeur koe fierder ride.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)