GKB nimt telefoan net op

14 okt 2003 - 00:00

De GKB yn Ljouwert nimt twa middeis yn de wike net de telefoan op. De kredytbank docht dat om't de telefoantsjes it personiel tefolle ôfhâlde fan it wurk. It tal oanfragen foar skuldsanearjen is flink tanommen.

Yn 2001 ferwurke de GKB yn Fryslân 1118 sanearingen. De ferwachting is dat dit jier 1620 minsken om help freegje. Fral minsken mei in útkearing dy't op kredyt keapje by postorderbedriuwen komme yn de problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)