GKB helpt jonge proffuotballers

18 feb 2003 - 00:00

De mienskiplike kredytbank yn Ljouwert, de GKB, helpt jonge proffuotballers út de skulden te bliuwen. De bank hantearret in nije oanpak. Foarhinne wurken se benammen oan it oplossen fan skulden, no wol de bank ek helpe by it foarkommen dêrfan.

Jonge profspilers tinke nochal ris dat se ynienen alles betelje kinne. De bank kin helpe troch fan it salaris earst de fêste lesten te beteljen en dan wat oerbliuwt as bûsjild út te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)