'Gjin yntinsive feehâlderij'

08 feb 2011 - 18:33

De fraksjes Grienlinks, PvdA en SP yn provinsjale steaten fan Fryslân wolle in ferbod op nijbou fan yntinsive feehâlderij. Se hawwe dêr in inisjatyffoarstel foar yntsjinne. Sy fine dat de yntinsive feehâlderij foar in soad problemen soarget, lykas it fersprieden fan sykten as Q-koarts.

Neffens Lân en Túnbou-organisaasje LTO-Noard is it lykwols net goed dat de partijen krekt no mei dit foarstel komme, want oer in pear wiken binne de ferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)