Gjin ynterpellaasje Frjentsjer

06 apr 2012 - 08:46

Der is tongersdei gjin ynterpellaasje hâlden tsjin wethâlder Joop Bekkema fan Frjentsjerteradiel. De VVD en de ChristenUnie fregen dêr om, mar in mearderheid fan de ried gie der net yn mei.

VVD en ChristenUnie woene opheldering oer in brief fan it bedriuw Agrifirm. Dêryn stie dat Bekkema tasein hie dat er him ynsette soe foar de komst fan in supermerk nei it eardere Agrifirm-terrein yn Frjentsjer, mar Bekkema sels ûntkent dat. De wethâlder sil noch mei Agrifirm yn petear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)