Gjin ynfojûn 'potleadventer'

28 mrt 2011 - 15:49

Foar de wyk Camminghabuorren yn Ljouwert komt gjin ynformaasjejûn nei oanlieding fan de ûnrêst oer in buertbewenner dy't fertocht wurdt fan it toanen fan syn geslacht oan bern en it hawwen fan berneporno.

De 53-jierrige fertochte is in pear wike lyn frijlitten neidat er fjouwer moanne fêstsitten hat. De man is no thús yn ôfwachting fan de behanneling fan syn rjochtsaak. Der is yn de buert in soad ûnrêst ûntstien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)