Gjin yllegale brânbulten mear

30 des 2010 - 10:22

Boargemaster Arie Aalberts fan Dantumadiel hopet dat it dizze jierwiksel ôfrûn is mei de yllegale brânbulten op de iepenbiere dyk. Dêr wurdt al langer oan wurke en de problemen binne ek al minder grut.

Yn in advertinsje lit de gemeente de ynwenners nochris witte dat in brânbult op 'e dyk perfoarst net mei. Mar dêr bliuwt it net by. Yn hast elk doarp is no wol in legale brânbult fan skjin hout as alternatyf. Ek wurdt der fan âld op nij ek strang kontrolearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)