'Gjin wynmûnepark Burchwert'

03 jun 2014 - 21:14
  • Wynmûne

Doarpsbelang Burchwert hat de inisjatyfnimmers foar in grut wynmûnepark yn de omkriten fan it doarp frege te stopjen mei de plannen. Neffens doarpsbelang is der gjin draachflak foar. Der hat in petysje west. 146 minsken ha in stim útbrocht. 95 persint is tsjin de plannen foar tsien wynmûnen. Dy moatte tusken de 150 en 160 meter heech wurde.

Neffens doarpsbelang binne de gefolgen grut en sil der in soad oerlêst wêze. In soad ynwenners soene hjirtroch stress ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)