Gjin wynmûnen yn it Waad

14 mrt 2002 - 00:00

Der komt definityf gjin wynmûnepark by de Ofslútdyk. De provinsjes Noard-Hollân en Fryslân en de fjouwer belutsen gemeenten hâlde op mei it inisjatyf foar it park. It beslút is nommen om't de pleatsing fan de wynmûnen yn it Waad net op in mearderheid yn de Twadde Keamer rekkenje kin.

Der is seis jier wurke oan it plan. Foar Fryslân diene Wûnseradiel en Harns mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)