'Gjin wynmûnen Hearrenfean'

27 nov 2012 - 06:55

Neist de gemeente Súdwest-Fryslân keart no ek de gemeente Hearrenfean him tsjin de wynmûneplannen fan de provinsje. It bûtengebiet fan Hearrenfean is ien fan de oanwiisde plakken foar de bou fan grutte wynmûnen.

In mearderheid fan de ried kearde him moandeitejûn tsjin de plannen. De ried fielt him oerfallen troch de provinsje. De wynmûnen soene boppedat net yn it lânskip passe. Allinnich D66 en in diel fan Gemeentebelangen binne foar. Der wurdt no in alternatyf plan ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)