Gjin wynmûnen by Drachten

14 jan 2014 - 22:31
  • Wynmûne

Der komme gjin wynmûnen oan de westkant fan Drachten tusken wenwyk De Sanding en it doarp De Pein. Dêroer hat de ried fan Smellingerlân tiisdeitejûn hiel dúdlik west. Boargemaster en wethâlders hiene de ried frege om meiwurking om mooglik wynmûnen ta te stean op dy lokaasje. Omwenners ha bot ferset oantekene, ek noch mei in soad ynsprekkers tiisdeitejûn.

Alle politike partijen hawwe útsprutsen dat se tsjin de komst fan de wynmûnen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)