Gjin wynenerzjy fan Vattenfall

27 okt 2010 - 16:46

It slagget enerzjyprodusint Vattenfall net de plannen foar wynenerzjy te realisearjen. By de ferkeap fan de oandielen fan NUON ha oandielhâlders, werûnder Fryslân, ôfpraat dat de Sweedske produsint foar de kust fan Nederlân en België wynmûneparken bouwe soe. Dat moat 1400 megawatt oan skjinne enerzjy opsmite. Om't oaren de konsesje krigen ha, mislearret dat.

Deputearre Galema is teloarsteld. Hy freget Vattenfall te ynvestearjen yn enerzjy út biomassa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)